UPDATE: Treinen tusken Meppel en Ljouwert ride wer neffens tsjinstregeling

De fertraging op it spoar tusken Meppel en Ljouwert is wer foarby. Troch in stikkene spoarbrêge koene der oan it begjin fan de jûn in skoftlang gjin treinen ride.
De NS melde earder freedtejûn dat der kwealik bussen beskikber wiene om de dupearre reizgers te ferfieren, omdat dy bussen al ynset waarden fanwegen de drokte by de wurksumheden by Zwolle. Der waarden úteinlik stopbussen ynset tusken Meppel en Stienwyk.