Man (56) kriget selstraf foar drugsproduksje yn Haulerwyk

06 jul 2018 - 17:43

In man (56) út Haulerwyk hat sechstjin moanne sel krigen foar syn belutsenheid by in drugslab yn it doarp. Der wie fiif jier tsjin him easke.

Foto: Wikimedia Commons

De man ferhierde de loads oan de Slotemaker de Bruinewei oan in âld kunde. Hy sei dat er net wist dat de loads foar de produksje fan drugs brûkt waard. De rjochtbank fûn dat net bewiisd wurde koe dat de fertochte ek meidie oan it meitsjen fan de drugs.

Yn deselde saak binne twa manlju út Guatemala feroardiele ta trije jier sel. Neffens de rjochtbank ha de mannen crystal meth produsearre yn de loads yn Haulerwyk. Se seine sels dat se ynhierd wiene as skjinmakkers, mar de rjochtbank leaude dat net.

Syntetyske drugs

Crystal meth is in soarte amfetamine, mar dan folle sterker en ferslaavjender. Yn it lab lei in protte guod om de syntetyske drugs te meitsjen. In part fan de loads wie der al foar ynrjochte, doe't de ynfal plakfûn. Yn in oar part fan de loads wie in laboratoarium yn oanbou.

It pân oan de Slotemaker de Bruinewei wie ea eigendom fan Marinus Ooms, dy't by in oerfal yn 2006 om it libben brocht waard.

Trefwurden: 
loads Haulerwyk crystal meth
(advertinsje)