Frysk bedriuw helpt by rêdingsaksje Taiske fuotballers

06 jul 2018 - 16:18

It Fryske pompbedriuw Van Heck út Noardwâlde sil helpe om in groep jonge fuotballers út in grot yn Tailân te rêden. De direkteur fan it bedriuw is al ûnderweis nei Tailân om de situaasje op lokaasje te besjen en te oerlizzen wat syn bedriuw dêr betsjutte kin. In hiele put, want de grot is tige dreech tagonklik.

De Taiske fuotballers - Foto: ANP

Van Heck waard benadere troch de ambassade en it Nederlands Water Platform (NWP) om te sjen oft sy help biede kinne. It pompbedriuw hat in soad ûnderfining mei it fuortpompen fan wetter en wurdt faker ynset by grutte rampen. Sa hat Van Heck by in oerstreaming yn in Servyske myn it wetter fuortpompt en holpen mei de wetterbehearsking by de grutte oerstreaming yn Ingelân yn 2014.

Yn de myn yn noard Tailân sitte tolve fuotballers en harren trainer sûnt 23 juny fêst. Der binne al ferskate pogingen dien om se út de grot te krijen, mar dat is oant no ta hieltyd mislearre.

We doen ons best om hier als nuchtere Friezen mee om te gaan.

Edwin Righart, algemien en finansjeel manager by Van Heck

By Van Heck tinke se sels ek dat se it ferskil meitsje kinne by de rêdingsoperaasje yn de Taiske grot. "Het is een hele complexe situatie. Maar door onze expertise denk ik dat wij een hele goede bijdrage kunnen leveren", seit Edwin Righart, algemien en finansjeel manager by Van Heck.

It materiaal dat mooglik nedich is foar de komplekse rêdingsoperaasje, is yn Tailân net beskikber. Righart: "Al het materiaal staat in Noordwolde. Wij zijn nu materiaal klaar aan het maken waarvan wij denken dat het nodig is om de jongetjes goed en veilig uit de grot te kunnen redden. Directeur Jeroen van Heck gaat zelf persoonlijk bekijken wat er nodig is. Daarna kunnen wij het inladen, en dan zal het allemaal in een vliegtuig naar Thailand moeten."

Edwin Righart fan Van Heck

De fuotballers yn de Taiske grot binne al dagen wrâldnijs. Dat it Fryske bedriuw út Noardwâlde mooglik in bydrage leverje mei oan de rêdingsoperaasje, soarget lanlik foar de nedige oandacht foar Van Heck. "Er komt veel op ons af. We doen ons best om hier als nuchtere Friezen mee om te gaan", beslút Righart.

(advertinsje)