UPDATE: A32 nei It Hearrenfean wer frijjûn nei ûngelok

De file op de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean is wer foarby. In autobestjoerder ferlear dêr earder freed de kontrôle oer it stjoer, rekke yn de slip en ferlear dêrtroch in tsjil. Fanwegen it ûngelok waard ien rydstrook ôfsletten en ûntstie der in kilometerslange file.
Ungelok op de A32 © CAMJO media
It slachtoffer is neisjoen troch ambulânsepersoniel, mar hoegde net nei it sikehûs. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.