Twadde ronde Wimbledon einstasjon foar Sander Arends

06 jul 2018 - 15:18

Sander Arends is der net yn slagge de tredde ronde fan it Grand Slam fan Wimbledon te berikken. De Amerikanen Jack Sock en Mike Bryan wiene yn in spannende partij mei 6-7 (2), 6-1, 7-6 (3) en 7-6 (4) krekt te sterk foar Arends en syn dûbeldmaat Matwé Middelkoop.

Foto: www.orange-pictures.nl

Spannend begjin

Yn it begjin fan de partij gie it oant 4-4 lykop. Beide koppels pakten relatyf ienfâldich harren opslachgames. Pas op 5-4 wiene der op de opslach fan Middelkoop twa breakpoints foar de Amerikanen, mar de maat fan Arends hie twa goede opslaggen yn hûs. Dêrom moast in tiebreak de beslissing bringe yn de earste set. Troch in dûbele fout fan Sock, en goede follys fan Middelkoop, pakte it Nederlânske duo dêryn rap in foarsprong (4-1). Dy foarsprong kaam net mear yn gefaar.

Mike Bryan wie jierrenlang de nûmer ien fan de wrâld yn it dûbeldspul. Hy wûn sechstjin kear in Grand Slam, wêrûnder trije kear Wimbledon. Hy die dat tegearre mei syn broer Bob, dy't op dit stuit blessearre is.

Ek Jack Sock wie yn it dûbeldspul alris de bêste op Wimbledon. Yn 2014 wûn hy it toernoai tegearre mei de Kanadees Vasek Pospisil.

Tempo giet omheech

Sock en Bryan skeakelen yn de twadde set in fersnelling heger. Nei in pear minuten stie it al 3-0, en dat koene de Amerikanen trochsette nei mar leafst 6-1. Yn de tredde set besochten Middelkoop en Arends werom yn de wedstriid te kommen troch in soad enerzjy yn de partij te bringen. Nei in moai punt kaam der faak in gjalp fan ien fan de beiden, en sa pepten se inoar op.

By 4-3 smite dat trije breakpoints op, mar dy koe Mike Bryan allegear fuortslaan. Op 6-5 wiene der trije setpoints op de opslach fan de Amerikanen, mar op 'e nij kaam Mike Bryan op dy mominten mei in goede opslach. Yn de tiebreak koene Arends en Middelkoop net meikomme en dus pakten Sock en Bryan ienfâldich de foarsprong yn de partij.

Lyts ferskil

De Amerikanen sochten it inisjatyf yn de fjirde set, mar in foarsprong pakten se net. Yn de sechsde game hiene sy in breakpoint op de opslach fan Arends, mar dy wurke dat fuort mei in strakke folly. De spanning yn de wedstriid rûn op wylst beide koppels harren eigen opslachgames wûnen. Foar de tredde kear moast in tiebreak de trochslach jaan. Ek dêryn gie it wer lang gelyk op. Pas op 5-4 waard it ferskil makke yn it foardiel fan Sock en Bryan.

De sifers fan de partij - Foto: Wimbledon
(advertinsje)
(advertinsje)