Brânwacht hat brân yn Harnzer loads gau ûnder kontrôle

06 jul 2018 - 14:40

Yn in loads oan de Vormer yn Harns is freedtemiddei om kertier oer twaen brân útbrutsen. Der wiene gjin minsken oanwêzich yn it gebou, dêr't allinnich in pear auto's en fytsen yn stiene.

Brân yn loads yn Harns - Foto: Nick den Boer

De brânwacht wie mei twa weinen oanwêzich om it fjoer te bestriden en koe úteinlik foarkomme dat it oersloech nei de wenning dy't neist de loads stie. Nei trije kertier waard it sein 'brand meester' ôfjûn.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend. Hoe grut de skea is, kin de brânwacht ek noch net melde.

Trefwurden: 
Harns brân loads
(advertinsje)
(advertinsje)