Alder pear en hûntsje reitsje ferwûne by eksploazje op motorboat

06 jul 2018 - 14:35

In âlder pear is freedtemiddei by in eksploazje op harren motorboat yn Earnewâld ferwûne rekke. Op it wetter oan de Wiidswei rûn it pear brânwûnen op. Ek harren hûntsje rekke by de ûntploffing ferwûne.

Eksploasje op in boat yn Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân

De boat lei oan 'e wâl doe't op de boat in stekflam ûnstie, mar it fjoer wie gau ûnder kontrôle. Mooglik barde dat troch benzinedampen, sa lit Veiligheidsregio Fryslân witte.

Omdat de boat by in tankstasjon lei, wiene helptsjinsten manmachtich útriden en waard de traumahelikopter oproppen.

(advertinsje)
(advertinsje)