Grien ljocht foar komst Reaper-drones nei fleanbasis Ljouwert

06 jul 2018 - 14:13

De komst fan fjouwer militêre Reaper-drones nei de Ljouwerter fleanbasis is wis. De SP yn de Twadde Keamer woe mei in moasje de stasjonearring fan de ûnbemanne fleantugen tsjinhâlde. Dy krige lykwols allinnich stipe fan de Partij voor de Dieren en Denk.

MQ-9 Reaper - Foto: Hayo Bootsma

De oare partijen stimden tsjin de moasje en keazen dêrmei foar de komst fan de drones nei Ljouwert. Neffens Definsje smyt dat goed 150 banen op. De drones binne fan 2020 ôf ynsetber foar ferkenningsflechten.

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert drones
(advertinsje)