Eritreeërs fertelle oer harren flecht nei Fryslân: "In eyeopener"

06 jul 2018 - 12:40

Twa Eritreeërs joegen tongersdeitejûn yn Ljouwert in kolleezje oer harren ûnderfiningen as flechtlingen. "In eyeopener", neamde inisjatyfnimster Geertje Postma fan it projekt Haring & Hummus de Collegetour.

Collegetour Eritreatown - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Twa Eritreeërs dogge harren ferhaal yn Ljouwert

De twa sprekkers op de jûn wiene Tsegab en Maesho. De Eritreeërs fertelden oer harren ûnderfiningen. De twa binne al in pear jier yn Nederlân. Se ferhuzen fan azc nei azc, mar hawwe no harren plak fûn yn Ljouwert.

Eritreatown

De Collegetour wie in foarpriuwke fan Eritreatown, in evenemint dat yn novimber organisearre wurdt. De organisaasje is yn hannen fan Haring & Hummus, in projekt dêr't Postma de lieding oer hat. Mei Eritreatown wol sy jonge Eritreeërs harren plak fine litte kinne yn de Fryske mienskip.

(advertinsje)