Freek Kap-van Bergen keazen ta dosint fan it jier yn Ljouwert

06 jul 2018 - 11:55

Freek Kap-van Bergen is keazen ta dosint fan it jier troch de lêzers fan de Leeuwarder Studentenkrant. Kap-van Bergen wurket by de oplieding pedagogyk fan NHL Stenden Hogeschool. Hy is keazen út hast tweintich nominearren en krige 19 persint fan de stimmen.

NHL Hogeschool yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Kap-van Bergen is psycholooch en is in pear jier ferlyn begûn mei lesjaan. Dat docht er no fjouwer dagen yn de wike. Ek wurket er noch as psycholooch. Kap-van Bergen moast wol even wenne oan syn nije titel. "Je krijgt niet iedere dag te horen dat je docent van het jaar bent geworden. Ik vind het een grote eer, want blijkbaar doe ik iets goed."

De ferkiezing dosint fan it jier wurdt sûnt 2013 hâlden. Joop van Eerbeek fan Van Hall Larenstein waard twadde en Ritsko van Vliet fan NHL Stenden tredde.

(advertinsje)
(advertinsje)