"Twadde Keamer set Waadsee op slot"

De Waadsee sit op slot en dat is goed nijs foar it gebiet. Dat seit Frank Petersen fan de Waadferiening. Yn de Twadde Keamer stimde in mearderheid tongersdeitejûn yn mei in amendemint fan GrienLinks. Dêryn stiet dat der gjin nije fergunning mear ôfjûn wurde meie foar de winning fan delfstoffen ûnder de Waadeilannen of de Waadsee. Dy winning docht gjin rjocht oan de status fan de Waadsee as Wrâlderfgoed, sa stiet yn it amendemint.
Twadde Keamer set Waadsee op slot
Neffens Petersen is it no ferbean in proefboarring te dwaan as der bygelyks in nij gasfjild fûn wurdt ûnder de Waadsee. "Bijvoorbeeld zoals een poosje geleden bij Schiermonnikoog. Daar werd een nieuw veld gevonden. Daar mag nu geen proefboring plaatsvinden." Dat is mear winst as yn it foar tocht, seit Petersen. Dochs hâldt dit nije amendemint de plannen foar gaswinning by Ternaard net fuort tsjin. Dêr baalt Petersen fan: "Het eerste voorstel ging van GroenLinks ging verder. Daarmee werd alles wat nu gaande is aan plannen verboden. Dat voorstel kon niet rekenen op een meerderheid."

Better beskerme

De stimming fan de Twadde Keamer betsjut dat de Waadsee no better beskerme wurdt as yn it ferline. En dêr is ek boargemaster Bert Wasssink fan Skylge wiis mei. Neffens Wassink is dit in stap is yn de goede rjochting. Hy hat de ôfrûne tiid út namme fan de oare Waadeilannen by minister Wiebes fan Ekonomyske Saken oantrune op it stopsetten fan fierdere gaswinning.
Boargemaster Bert Wassink fan Skylge en Frank Petersen fan de Waadferiening

Posityf sinjaal

"Een groot compliment voor de burgemeesters van de eilanden. Ze hebben echt druk op de ketel weten te houden. Deze stop is echt te danken aan hun inzet," seit Petersen. Boargemaster Wassink hie yn in brief oan minister Wiebes en alle fraksjefoarsitters yn de Twadde Keamer oantrune op it ôfbouwen fan de gaswinning. Dat se dêr no mei ynstimme is in posityf sinjaal: "Het zegt alleen niets over de bestaande vergunningen. Zoals hier op het eiland."
Tulip Oil hat plannen om fanôf it eastlike part gas te winnen ûnder de Noardsee. Wassink giet derfanút dat dy no ek fan de baan binne. It is noch net dúdlik oft dat ek jildt foar de gaswinning by Ternaard.