Kramer oer fosfaatregeling: "deade mosk" foar boeren mei readbûnte kij

06 jul 2018 - 09:20

Feehâlders dy't seldsume rassen hawwe, komme yn de knipe troch de nije fosfaatregeling. Se krije dêr gjin frijstelling foar en sa driigje de Frysk readbûnte kij en oare net folle foarkommende rassen te ferdwinen út de greiden. Lânbouminister Carola Schouten spilet de bal troch oan de provinsje.

Deputearre Johannes Kramer oer de nije fosfaatregeling

De Twadde Keamer hat tongersdei in moasje oannommen oer de fosfaatregeling en wol de feehâlders yn 'e mjitte komme, mar de minister kin neat dwaan fanwege Europeeske regels. De oplossing is neffens de minister dat de provinsjes mei subsydzje komme ut de pot fan de plattelânsûntwikkeling, it saneamde POP-jild.

Neffens deputearre Johannes Kramer wurde de boeren no bliid makke mei in deade mosk. It POP-jild soe pas fanôf 2020 brûkt wurde kinne, seit Kramer. "Ik stean der ek posityf foaroer, mar it is net wat de boeren frege hiene."

De boeren woene in útsûnderingsposysje foar harren kowerassen yn de fosfaatregeling, mar de minister seit dy net jaan te kinnen.

(advertinsje)