Haven Lauwerseach wurdt berikber makke foar grutte fiskersskippen

06 jul 2018 - 08:24

It útbaggerjen fan it Westgat, tusken Skiermûntseach en It Amelân, is lang om let úteinset. Nei jierren fan praten binne de wurksumheden it ôfrûne wykein, hast yn it geheim, fan start gien. De haven fan Lauwerseach moat sa wer berikber wurde foar gruttere fiskersskippen. In oantal fiskers hat no út need Harns as thúshaven.

De haven fan Lauwerseach - Foto: Rykswettersteat

Barbara Holierhoek, foarsitter fan fiskersferiening Hulp in Nood oer it útbaggerjen

It wie tige dreech om in fergunning te krijen foar it útbaggerjen fan it Westgat, omdat it yn in natuergebiet leit. It is dan ek mar de fraach oft it wurk yn de takomst wer dien wurdt.

Foarsitter Barbara Holierhoek fan fiskersferiening Hulp in Nood hopet dat de ienmalige aksje foarearst foldwaande wêze sil, om de haven fan Lauwerseach berikber te hâlden. "De natuur gaat haar eigen gang. Het zou eigenlijk structureel moeten worden opgelost. Dat is van belang voor schepen met meer diepgang, maar het is nu ook al gevaarlijk voor schepen met minder diepgang."

(advertinsje)