Kollum: "Doarpsfeest"

06 jul 2018 - 07:39

"Wy hiene it ôfrûne wykein doarpsfeest yn Warten, mar myn belibbing by dit barren is geandewei de jierren al wat feroare. Dêr't ik eartiids net fan it fjild ôf te slaan wie en wol janke koe op de lêste dei, fyn ik it no wol bêst. Ut en troch kom ik efkes op it fjild om in oaljekoek of in bakje patat en spultsjes jou ik neat om. Ik ha mar twa keer sweefd, wylst ik eartiids oan it bakje fêstneile siet. Sûpe doch ik net, dus eins bin ik bêst in sunige merkegonger. Twa fleskes wetter op ien jûn en ik ha genôch hân.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

It wie prachtich moai waar, dat koe net better mar ik gean foar de feestjûnen yn 'e tinte. Ik mei graach dûnsje, dochs koe ik de freedtejûns net echt yn de goede stimming komme. Ik wurd ek wat sinniger no't ik âlder wurd en it is dan mar krekt hoe't it kwartsje falt. It wie bêst wol fris en de band kaam in oere te let. Se begûnen om alve oere te spyljen en eins hie ik doe al in heal oere myn nocht.

De earste set wie leuk en we koene los op 'e dûnsflier. Mar doe't ik einlings waarm wie en de gong der goed yn siet, hiene se alwer pauze. Wer in skoft wachtsje en mei de twadde set wie 'k der ynienen klear mei. Doe bin 'k mar nei hûs ta gien wylst de rest noch in moai feest hân hat. De sneontejûns wie der in geweldige band. Dêr wiene de mieninigen ûnder de 40-plussers wol oer ferdield, mar ik fûn it machtich.

It wie moderne muzyk. Gjin Abba, Bryan Adams of Hazes, mar wol flot en se spilen strak! Ik ha de hiele jûn stien te springen en te dûnsjen, oant myn knibbels eins net mear koene. Mei in pear oare memmen stiene wy tusken de jeugd út ús dak te gean, oant se in ferske spilen en elkenien sakje moast. Ik bleau stean, tegearre mei noch in mem. "Hjir wurde myn knibbels net bliid fan", sei se en ik wist presys wat se bedoelde.

Ik fytste om in oere of trije nei hûs ta en moast tusken in groep frjemde jonges troch, dy't de hiele dyk yn beslach namen. "Oan 'e kant, jonges!", rôp ik. "Sa'n ûnnoazele Wartenster, seker?", sei ien fan harren doe't ik der tuskentroch fytste. "Dat is de mem fan Hylke!", rôp in oar. "Dêr moatst om tinke!" Dat lêste hearde ik noch krekt, doe't ik de bocht om gong.

Doe't ik op bêd lei, koe ik earst noait sliepe. Myn earen rûsden nochal, mar úteinlik ha ik my deljûn. Ik tink dat it doe in oere as fjouwer wie. Ik ha de sneins wol útslept, mar kaam as in stive planke fan 't bêd. Myn knibbels kreaken en ik wie sa min as pudding. Ik ha noch al efkes nei it matinee west, mar dat wie gjin sukses.

Miskien moat ik faker op stap, mar de sfear fan in doarpsfeest hast allinnich mar op in doarpsfeest en se kinne hjir omraak feestfiere. Jong en âld trochelkoar, it is de mienskip op syn bêst. Dochs hie ik it de sneins wol hân en ik ha my deljûn op 'e bank. Ien jûn dik yn 't feest en in pear dagen stikken. Ik fiel my dan eins bêst wol in suertsje en myn eigenwearde hat dêr wol efkes ûnder te lijen.

Mar oan 'e oare kant; as frjemde jonges nachts roppe, datst om de mem fan Hylke tinke moatst, dan falt it miskien ek noch wol wat ta."

(advertinsje)
(advertinsje)