Wetterskip kontrolearret 150 kilometer oan wâlskanten op skuorren

05 jul 2018 - 21:57

Wetterskip Fryslân set freed útein mei in skou fan 150 kilometer kades dy't gefoelich binne foar drûchte. As wâlskanten mei in ûndergrûn fan fean útdrûgje, kinne der skuorren yn de dyk komme.

Wetterskip kontrolearret 150 kilometer oan wâlskanten op skuorren

Om de kontrôles út te fieren, rinne meiwurkers fan it wetterskip mei izeren stokken dy't se yn de grûn prippe. Sa kinne se sjen hoe djip oft de drûchteskuorren binne.

Dat útdrûge diken hiel gefaarlik wêze kinne, die bliken yn 2003 doe't in dyk by Wilnis ferskode. 1500 minsken moasten foar in skoft in oar plak sykje. Sûnt dy tiid binne wetterskippen hjir hieltiten skerper op.

As de delslach noch langer útbliuwt, kin it tal kades dat kontrolearre wurde moat noch útwreide wurde.

Ferslachjouwer Remco de Vries is by de skou by Yndyk

(advertinsje)