Skiermûntseach freget minister om strangere regels foar drones

05 jul 2018 - 21:07

De gemeente Skiermûntseach docht in berop op minister Van Nieuwenhuizen om rap mei strangere regels foar drones te kommen. Yn de nijsbrief fan Skiermûntseach stiet dat der by de gemeente hieltyd faker fragen komme fan minsken dy't drones sjogge.

(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Benammen by de fjoertoer, mar ek boppe de pôlen en de dunen hingje faak drones. Dy soargje yn guon gefallen foar oerlêst en fersteure de rêst foar de bisten.

De gemeente jout oan dat ek ûndersikers drones brûke by it tellen fan fûgels en dat der ek sjoen wurdt nei drones dy't medisinen ferfiere. Op de webside fan de gemeente is mear ynformaasje te finen oer wêr't drones wol en net fleane meie.

(advertinsje)
(advertinsje)