Ratatoelje #10: Stooffleis út Eritreä fan Tsegab

Sipels, Spaanske pipers, kowefleis, tomaten, tomatepuree, sambal, krûden, oalje, injera (pankoek fan moal, wetter en gist).
Ratatoelje #10 Stooffleis út Eritreä fan Tsegab
Ratatoelje #10
Yn de kulinêre searje Ratatoelje fan Finster op Fryslân meitsje Friezen fan ferskillende achtergrûnen in gerjocht mei in ferhaal. Ien fan dy Friezen is studint Tsegab Hebtemariam Hagos. Hy is noch mar 21 jier, mar hat al in hiel libben achter de rêch.
Tsegab út Eritreä makket stooffleis © Omrop Fryslân
Doe't Tsegab 15 jier wie, flechte er yn hielendal allinnich út syn bertelân Eritreä. Hy makke fan Libië de oerstek nei Italië yn in boatsje. Foardat er ynstapte, wist er dat er 50% kâns hie de reis op see te oerlibjen. Twa minsken yn syn boat hellen de reis net.

Dokter wurde

Nei jierren fan omswalkjen kaam Tsegab yn Ljouwert, dêr't er no twa jier wennet. Hy hat syn plak hjir fûn, wennet yn in studintehûs en hat trije baantsjes om syn stúdzje en keamer te beteljen. Syn trochsettingsfermogen en ambysje falle op. Hy waard dit jier nominearre foar de LC-awards foar de bêste skoalleprojekten. Want Tsegab hat in doel: dokter wurde. "Ik ben heel erg leergierig. Ik heb nu net MBO dienstverlening en zorg afgerond. Ik wil eigenlijk arts worden. Ik ben nog onderweg. Hoe ver ik kan, ik ga gewoon verder studeren."