PvdA: "Ynformaasje op húsdoktersplatfoarm is net kompleet"

De steatefraksje fan de PvdA set grutte fraachtekens by de wurking fan it digitale platfoarm '11 Huisartsen'. Dat platfoarm bestiet sûnt april en moat startende húsdokters yn kontakt bringe mei húsdokters dy't dermei ophâlde. Op dy wize wol de provinsje wat dwaan oan it tekoart oan húsdokters.
© Omrop Fryslân
Neffens steateleden Remco van Maurik en Riek van der Vlugt ûntbrekt it op it platfoarm oan ynformaasje oer it finen fan in hûs, wurk foar partners en help by finansiering. Der wurdt wol trochferwiisd nei taalkursussen fan de Afûk.
De fraksje wol no fan deputearre Schrier witte wêrom't der in kampanje lansearre is, wylst de ynformaasje noch net kompleet is.