Harnehal yn Tsjummearum slút takom jier definityf de doarren

05 jul 2018 - 20:04

De Harnehal yn Tsjummearum giet takom jier definityf ticht. De weningkoöperaasje woe de hal ferline jier al slute, mar it doarp wie dêr poer op tsjin. In spesjaal oprjochte stifting naam de eksploitaasje fan it moetingsplak en sporthal oer. Der waard wurke oan in definityf oernameplan.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Sluting Harnehal

Koartlyn die lykwols bliken dat de hal net rendabel te meitsjen is. Under oare de enerzjykosten binne dêrfoar fierstente heech. Doarpsbelang en de wenningkoöperaasje hawwe de doarpbewenners no frege oft se harren ynsette wolle foar in nij moetingsplak en sportlokaasje.

De doarpsbewenners krije tongersdeitejûn ynformaasje oer de definitive sluting fan de Harnehal - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De ynwenners fan Tsjummearum wurde tongersdeitejûn op de hichte brocht fan de definitive sluting.

De Tsjummearumers wurde bypraat oer de sluting oer in jier - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
Trefwurden: 
Tsjummearum Harnehal
(advertinsje)