Nicole Steigenga (20) út Eksmoarre debutearret yn Giro Rosa

05 jul 2018 - 19:38

Twa Friezinnen begjinne freed oan de grutste ronde yn it hurdfytsen: de Giro Rosa. Dat is de Ronde fan Italië foar froulju. De twa Friezinnen dy't meidogge, binne Anouska Koster fan De Westereen en Nicole Steigenga út Eksmoarre.

Foto: www.orange-pictures.nl

Foar de noch mar 20-jierrige Steigenga wurdt it har earste Giro Rosa. "Ik fyn it bêst wol spannend. Dit is de grutste yn it hiele frouljushurdfytsen", seit se.

Nicole Steigenga, no yn Italië

Steigenga rydt foar de Italiaanske ploech BePink. "Sy joegen my de kâns om hjir te riden. De kommunikaasje giet hjir foaral yn it Ingelsk." Druk fielt se net. "As ik him útryd, dan is it al moai. Oait wol ik by dit soarte fan wedstriden hiel goed wêze, dat ik dan mei de bêsten meikin. No wol ik gewoan sjen wat ik kin en genietsje."

De Giro Rosa set freed útein mei in ploegetiidrit. "Daliks hawwe we noch in ploegepresintaasje. Dêrnei even in massaasje, ite en dan mar op bêd."

Steigenga hat it hurdfytsen net fan in frjemdenien. De hurdfytsleafhawwers sille har heit, Sierd Steigenga, ek kenne.

(advertinsje)