Eastermar 'net feroare' troch Postcodekanjer

05 jul 2018 - 17:28

"Kwa sfear is der neat feroare." "Minsken tinke dat ynwenners jaloersk binne op de persoanen dy't wol in priis wûn hawwe. Mar dat falt wol ta, eltsenien gunt it inoar."

Op it doarpsfeest fan ôfrûne wykein wiene de Eastermarders iepen oer oft de Postcodekanjer ek wat feroare hat yn it doarp. Ek ynwenners sûnder priis jouwe oan it moai te finen dat de oar jild wûn hat. "Eltsenien wol fansels wat winne, mar eltsenien is ek likefolle wurdich. Dat hat neat mei jild te krijen." "Ik haw neat wûn, mar ik fyn it moai om te sjen dat in oar derfan genietsje kin."

It doarpsfeest waard neffens de doarpsbewenners krekt sa fierd as ôfrûne kearen. De Eastermarder lykje wol sunich te wêzen op harren jild, want ekstra rûntsjes of mear hamburgers wie der net by.

Fûns

De Eastermarders bliuwe der nuchter ûnder, al wie der yn it begjin fan it jier wol wat opskuor oer it fûns dat betocht waard. It oarspronklike idee wie om minder gelokkige doarpsbewenners te helpen. Boargemaster Gebben van Tytsjerksteradiel soe de beskermhear wurde fan dit Eastermarder Kanjerfûns. Minsken út Eastermar dy't it finansjeel wat dreech hawwe, soene dan holpen wurde kinne troch it fûns.

Priiswinners út Eastermar wiene net fuortendaliks entûsjast oer de plannen. It joech guon winners it gefoel dat se hjiroan meidwaan moasten en it waard net dúdlik wa't dan útmeitsje soe wa wol of net help kriget. "En dat is ek terjochte", seit Anne Oosterdijk, ien fan de inisjatyfnimmers fan it fûns. "Wannear jouwe jo wol of net wat oan ien? Dat moatte jo op de ien of oare manier toetse en dat kin allinnich troch ynsjoch te krijen yn de finansjele situaasje fan minsken. En dat is tricky. As jo dêr fierder oer neitinke, dan sizze jo al gau 'dat kin ik net dwaan'."

Wy hawwe A sein en sizze no B. Dat hiele alfabet komt der wol.

Anne Oosterdijk oer it fûns

Dit idee hat it net konkreet helle, mar it betsjutte net dat inisjatyfnimmers it dêrby litte. Se wolle kollektyf wat foar it doarp en de ynwenners dwaan. Mei in groep komme se geregeld byinoar en hawwe se ideeën fierder úttocht. En dy ideëen komme der wol, sa is Oosterdijk fan betinken. Hy seit dat minsken it lef hawwe moatte om mei in nij idee op de proppen te kommen.

Romte foar âlderein

De status is no dat in romte yn it multyfunksjoneel gebou De Kjellingen ynrjochte wurde sil foar âlderein. "Sy kinne dan de iensumens ûntflechtsje troch in plak te hawwen om byinoar te kommen", seit Oosterdijk. Der komt romte frij yn it gebou en it fûns wol graach gau mei de nije eigener fan it sintrum om tafel om te sjen wat der mooglik is.

"Miskien kinne we ek wol ynvestearje yn sinnepanielen op it dak fan De Kjellingen. Dat betink ik my no sa yn ien kear. Sa kinne we ek wat weromjaan oan de mienskip." Oosterdijk ferwachtet dat der de kommende tiid mear moaie plannen útkomme sille.

It is net in priis datst ophâldst mei wurkjen. Kinst in pear dreamen útkomme litte.

Melle Stienstra, ynwenner Eastermar

Melle Stienstra tinkt dat ophâlden mei wurkjen net de priis is. It is mear dat der dreamen útkomme. In pear fan dy dreamen binne it keapjen fan in nije auto of it hûs ferbouwe litte. Ivan Okkema hat foar dat lêste keazen. Mei it jild dat er wûn hat, koe er net in nij hûs keapje, mar hat hy syn wente safolle mooglik enerzjyneutraal makke. "Wy kinne ús plan fan tweintich of tritich jier no sawat yn in heal jier realisearje. We hawwe in dreamkeuken kocht en it grutte hok yn de tún fan stiennen en asbest hawwe wy fuorthelle en in moaie nijenien delset. Dêr komt aansen in nije sithoeke en barke yn."

Ek it dak is ferfongen troch platen mei isolaasje en der binne achttjin sinnepanielen op kaam. Okkema docht op dy wize wat goeds foar it miljeu en foar syn eigen beurs. "Sûnder de Postcodeloterij hiene we dit net dwaan kind."

Undernimmers yn it doarp hiene it al drok, ek al foar de Postcodekanjer. Mar se kinne oer it algemien wol fernimme dat Eastermarders wat mear dwaan litte wolle yn 'e hûs en om hûs hinne. Túnman Eddie Hooghiemstra moat foaral earst wachtsje op de oannimmers. "Dêrnei komt pas de tún." Foar takom jier ferwachtet er wol wat mear túnprojekten yn Eastermar te hawwen.

Timmerman Marten Taekema hat by in pear priiswinners putsjes dien. Hy seit dat de doarpsbewenners earst hiel goed neitinke oer wat se wolle. Taekema hopet foaral dat de Postcodekanjer op lange termyn mear wurk foar pleatslike ûndernimmers opsmite sil.

(advertinsje)