Fryske sikehuzen krije Roze Lintje foar goede boarstkankersoarch

05 jul 2018 - 17:27

De sikehuzen yn Ljouwert, Snits, Drachten en op It Hearrenfean hawwe op 'e nij it Roze Lintje krigen fan de Borstkankervereniging Nederland. It lintsje stiet symboal foar goede boarstkankersoarch.

Mei it Roze Lintje kin de kwaliteit fan boarstkankersoarch yn Nederlân metten en mei-inoar ferlike wurde. De Fryske sikehuzen wurkje sûnt ferline jier gear om te kommen ta in provinsjaal boarstkankersintrum. Dat moat yn 2019 klear wêze. De diagnoaze kin dan yn de fjouwer sikehuzen plakfine. Alle operaasjes wurde yn it MCL yn Ljouwert dien.

(advertinsje)