Seehûnen bliuwe fêstsitten yn fisknetten

05 jul 2018 - 17:26

Seehûnesintrum Pieterburen makket him soargen no't se yn twa wiken tiid trije seehûnen opfongen hawwe dy't fêstsieten yn fisknetten. Ien fan de seehûnen is ferstoarn oan syn ferwûnings.

It sintrum docht in driuwende oprop om see en strân skjin te hâlden. De netten soargje foar swiere ferwûningen by de seehûnen. Hoe't it komt dat der ynienen safolle seehûnen fêstsitte yn de netten, is net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)