Hearrenfeansupporters kinne tenei fergees mei de bus nei it stadion
Seizoenskaarthâlders fan SC Hearrenfean kinne takom seizoen fergees mei de bus nei de wedstriden yn it Abe Lenstra stadion. Arriva en de klup hawwe dêr in oerienkomst oer tekene.
De beide partijen wurken al gear, mar dizze tsjinst is nij. De nije tsjinsten geane yn op snein 19 augustus. Dan spilet Hearrenfean thús tsjin Vitesse.