Lekkende frachtauto nei ûngelok Werpsterhoeke: dyk koarte tiid ôfsletten
Op de Wâldwei by Ljouwert is tongersdeitemiddei in frachtauto yn botsing kaam mei in auto. It ûngelok wie op de N31 by de Werpsterhoeke.
De frachtauto lekte disel en dêrom hat de dyk rjochting Drachten koarte tiid ôfsluten west. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by it ûngelok.