Frou botst mei auto tsjin kantoar yn Wolvegea

05 jul 2018 - 15:28

In auto mei dêryn in âldere bestjoerster is tongersdeitemiddei op it Van der Sandeplein yn Wolvegea tsjin de gevel fan in akkountantskantoar botst.

Foto: Jaring Rispens

De frou rekke nei alle gedachten de macht oer it stjoer kwyt. Se is sels út de auto kaam en troch meiwurkers fan de ambulânse kontrolearre. Der rekke fierder net ien ferwûne, mar de meiwurkers binne bot skrokken troch de klap.

De traumahelikopter waard wol oproppen, mar hoegde net yn aksje te kommen. Oan it gebou ûntstie flinke skea.

(advertinsje)