Ald-Cambuurspiler Ruud ter H. tolve jier sel yn

Ald-Cambuurspiler Ruud ter H. moat tolve jier de sel yn. Hy en syn broer Frank binne skuldich oan it deadzjen fan in 22-jierrige man út Winterswijk en it ferwûnjen fan dy man syn broer. Dat skriuwt RTV Oost.
It kafee yn Reutum © RTV Oost
It barde yn augustus ferline jier, nei't se spul krigen hienen yn in kafee yn it Twintske plakje Reutum. De straf stiet lyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.
De twa broers Ter H. moatte ek in skeafergoeding fan goed 69.000 euro betelje oan de famylje fan it slachtoffer.

Yn 'e rêch stutsen

De dieders krigen yn it kafee yn Reutum spul mei de twa broers út Winterswijk. In fjochtpartij waard beëinige, mar doe pakten de dieders in mes út it kafee en stutsen se de slachtoffers bûten it kafee yn 'e rêch.
Frank ter H. hat net stutsen, mar krige wol deselde straf oplein as syn âldere broer. Syn rol yn it barren wie neffens de rjochtbank gelyk oan dy fan Ruud, om't se alles tegearre dienen.