Selstraf easke tsjin autobestjoerder dy't fytser deariden hat

05 jul 2018 - 14:49

Tsjin in 25-jierrige ynwenner fan Feanwâlden dy't yn septimber 2016 op de Archipelwei yn Ljouwert in 74-jierrige fytser deariden hat, is tongersdei in selstraf fan fiif moannen en in rydferbod fan fan twa jier ûnder betingst easke.

Neffens justysje hat de man ''hiel ûnfoarsichtich, hast roekeleas'', riden. Hy ried mear as 80 kilometer, dêr't 50 kilometer tastien is. De man hie kokaïne hân en syn snelheidsmeter wie stikken.

De 74-jierrige fytser rekke slim ferwûne en ferstoar in pear dagen nei it ûngelok oan syn ferwûnings. De rjochtbank docht op 19 july útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)