Helena Zeinstra hopet op finale foar har Erwin

05 jul 2018 - 14:38

Helena Zeinstra, de frou fan assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra, hopet fan herte dat har man nije wike snein yn de finale stiet fan it WK Fuotbal yn Ruslân.

Helena Zeinstra, frou fan grinsrjochter Erwin Zeinstra - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Helena Zeinstra oer har man Erwin

Zeinstra begjint sneon yn it team fan skiedsrjochter Björn Kuipers oan syn fjirde wedstriid fan it toernoai. Dat is Sweden - Ingelân. As dy wedstriid goed ferrint, makket Zeinstra kâns op de finale.

Foar Helena soe dat in geweldige kroan op de karriêre fan har man wêze. Mar in must is it net. "It is al prachtich en ik bin no ek al tige grutsk op him", seit se. Zeinstra hâldt noch net op as assistint-skiedsrjochter, mar foar Team Kuipers is it WK wol it lêste grutte toernoai. As Team Kuipers nei de heale of hiele finale giet, reizget Helena ôf nei Ruslân.

(advertinsje)
(advertinsje)