Lifelines kriget miljoenen, mar wat dogge se krekt mei al dat jild?

05 jul 2018 - 14:18

Tongersdei waard bekendmakke dat it Ryk, Grinslân, Drinte, Fryslân, de Ryksuniversiteit Grins én it UMCG miljoenen ynvestearje yn Lifelines. It sûnensûndersyk bliuwt hjirtroch noch seker fiif jier yn libben, mar wat wurdt der no krekt ûndersocht?

Databank - Foto: ANP

Lifelines is in ûndersyk wêrby't de sûnens fan minsken fan trije generaasjes út it noarden fan Nederlân ûndersocht wurde oer in perioade fan tritich jier. Sûnt it begjin yn 2006 hawwe yntusken 167.000 noarderlingen harren by it ûndersyk oansletten. Dêrmei beskikt Lifelines oer de grutste data- en biobank fan Nederlân.

Healthy ageing

It doel fan Lifelines is dat der safolle mooglik ûndersyk dien wurdt nei âlder wurden op in sûne manier, oftewol 'healthy ageing'. Sa kin it bedriuw ûndersykje hoe't we sûner âld wurde kinne. Om hjir antwurd op te krijen, sammelet Lifelines de gegevens en lichemsmaterialen fan tûzenen noarderlingen.

De data en materialen wurde beskikber steld foar wittenskiplik ûndersyk. Sa wurdt der bygelyks ûndersyk dien nei bepaalde sykten, de effekten fan (mei)smoken en te swier wêzen. Dêrneist wurde de data brûkt foar it op tiid sinjalearjen, bepalen en ûntstean fan sykten.

Undersyksfazen

Lifelines hat it sûnensûndersyk ferdield yn ferskillende fazen. Yn 2006 is úteinset mei de earste. Dizze is yn 2013 ôfsletten. De twadde faze wie yn 2017 klear. Yn dizze fazen binne gegevens sammele troch it ynfolje litten fan enkêten, it ôfnimmen fan lichemsmaterialen, it mjitten fan bloeddruk en it meitsjen fan hertfilmkes.

Mei de nije miljoene-ynjeksje kin mei de tredde faze begûn wurde. Dy sil nei alle gedachten yn 2019 úteinsette. Hoe't dizze faze der krekt út komt te sjen is noch net hielendal bekend, mar it sil foar in grut part itselde wêze as de foarige fazen.

Trefwurden: 
ûndersyk sûnens LifeLines
(advertinsje)
(advertinsje)