Kafee-eigener en gemeente botse oer drank- en drugsferklearringen Prins

05 jul 2018 - 13:21

Kafee-eigener Melle Prins en de gemeente Kollumerlân wiene it tongersdei op it koart pleit net iens oer de basis wêrop't de ferklearringen oer it drank- en drugsgebrûk basearre binne. De gemeente besleat ein juny dat kafee Prins yn Kollumersweach seis moannen ticht moast.

Foto: Omrop Fryslân

Eigener Prins sei yn de rjochtbank fan Grins dat de maatregel basearre is op 'los sân' en fynt dat de gemeente ôfgiet op ferhalen 'fan hearren en sizzen'. Der is neffens Prins nea konstatearre dat der yn it kafee drugs ferhannele binne en is dêrom fan miening dat de straf dy't him oplein is 'wol hiel swier' is.

It skeelt Prins sa'n 70 oant 80 persint fan de omset. De oare ynkomsten komme út de snackbar, dy't wol iepenbliuwe mocht. Der wurdt neffens Prins in soad oan dien om te foarkommen dat der wat misgiet en oft der geweldssaken binne, wurdt der adekwaat hannele. Prins sammele boppedat achthûndert ferklearringen yn fan besikers dy't sizze dat se harren yn it kafee feilich fiele.

Zerotolerancebelied

Neffens de gemeente binne alle ferklearringen oer de misstannen ûnder eed ôflein by de plysje. Dêrneist jildt der in zerotolerancebelied: hoarekagelegenheden kinne sûnder warskôging sletten wurde by fersteuringen. By Prins hat de gemeente nei eigen sizzen al tolerant west, want it kafee hie al twa warskôgings hân.

De sluting fan it kafee kin eventueel koarter, mar dan wol de gemeente wol in goed plan fan oanpak sjen fan de ûndernimmer, dy't dêrmei oantoane kin dat der gjin misstannen plakfine sille yn syn kafee. Slagget dat, dan kin de sluting ferkoarte wurde nei 4 moannen.

De útspraak yn de saak wurdt binnen sân dagen ferwachte.

Trefwurden: 
Kollumersweach kafee Prins
(advertinsje)