Trije minsken ha auto fol mei stellen iten
De plysje hat woansdeitejûn oan it Cambuurplein yn Ljouwert trije minsken oanholden foar stellerij.
Tsjin njoggenen krige de plysje in melding binnen fan de dieverij. Twa fertochten waarden yn in supermerk werkend fanwege stellerij de dei derfoar. De tredde fertochte siet yn in auto dy't ticht by de supermerk parkearre stie.
De auto lei fol mei allegear iten út de winkel. De trije binne fêstset op it buro. It giet om twa manlju fan 49 en 27 jier en in frou fan 46 jier. Sy hawwe gjin fêst wenplak yn Nederlân. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.