Twan Verseput fan Aldehaske alwer wrâldkampioen speedsurfen

05 jul 2018 - 11:17

De 25-jierrige Twan Verseput fan Aldehaske is foar de twadde kear wrâldkampioen speedsurfen wurden. It wrâldkampioenskip wie yn de see by it Spaanske Fuerteventura, ien fan de Kanaryske eilannen.

Twan Verseput (rjochts) - Foto: Facebook Dunkerbeck GPS Speed Challenge

Ferline jier wist Verseput dizze titel ek al yn de wacht te slepen. Verseput sette dit jier in topsnelheid fan 74,15 kilometer yn de oere del. Dêrmei sloech er in aardich gat mei de nûmer twa, de Dútser Andy Laufer. Dy kaam út op 70,71 kilometer yn 'e oere. "Ik ben superblij. Mooi dat ik weer heb aangetoond de snelste te zijn. De weersomstandigheden waren geweldig", seit Verseput.

Speedsurfen is in dissipline fan it wynsurfen wêrby't it de bedoeling is om in sa heech mooglike snelheid te berikken oer in bepaalde ôfstân. Flak wetter en in soad wyn binne dêrby wichtich. De snelheid wurdt metten mei gps.

Twan Verseput komt sneon werom nei Nederlân.

Trefwurden: 
Twan Verseput speedsurfen
(advertinsje)