Iepenbier Ministearje en feroardielde yn heger berop yn 'hânremsaak'

05 jul 2018 - 10:49

It Iepenbier Ministearje (IM) en de feroardielde 47-jierrige Grinzer geane yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter oer it deadlik ûngelok wêrby't Daniël Postema, fuotballer fan VV Waskemeer, om it libben kaam. Dit meldt RTV Noord tongersdei.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De rjochter fynt bewiisd dat de man ferantwurdlik is foar it feroarsaakjen fan it ûngelok wêrby't Postema om it libben kaam is en de bestjoerder swier lichaamlik letsel tabrocht is. De Grinzer waard yn juny feroardiele ta in jier sel, trije jier minder as de eask fan it IM.

It ûngelok barde trochdat de feroardielde oan de hânrem luts fan it buske dêr't er mei trije oaren ynsiet. It buske fleach dêrnei oer de kop en de bestjoerder rekke swierferwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)