Apeldoorner rydt yn Ljouwert om mei wapenstôk en mes
De plysje hat woansdeitejûn let in 47-jierrige ynwenner fan Apeldoorn oanholden yn Ljouwert. Op de Grinzerstrjitwei waard syn auto kontrolearre. Op de achterbank troffen de plysjes in lange wapenstôk oan. Ek fûnen se in grut mes. De man moast mei nei it buro.