Gemeente skeakelet ynwenners yn by syktocht nije boargemaster

Yn de syktocht nei in nije boargemaster docht Achtkarspelen in berop op de ynwenners. De gemeente wol fan de boargers, organisaasjes en ferieningen witte hokker type boargerfaar neffens harren it meast geskikt is.
It gemeentehûs fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Achtkarspelen freget de ynwenners oan te jaan wat sy fan de nije boargemaster ferwachtsje. Hy of sy wurdt de opfolger fan Gerben Gerbrandy. Dy hat lêsten bekendmakke dat er der nei seis jier mei ophâldt.

Profylskets

No moandei sitte fertsjintwurdigers fan organisaasjes en ferieningen yn de gemeente meiïnoar om tafel yn it gemeentehûs yn Bûtenpost. It resultaat fan dizze jûn wurdt meinaam yn de profylskets.