Miljoenen ferlingje noardlik sûnensûndersyk Lifelines oant 2024

Lifelines, it grutte sûnensûndersyk yn Grinslân, Drinte en Fryslân, kin yn elk gefal trochgean oant 2024. It ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS), de trije provinsjes, de Ryksuniversiteit Grins en it UMCG meitsje dat finansjeel mooglik.
Biobank © ANP
De takomst fan Lifelines wie faai kommen te stean omdat it jild oprekke. No't it Ryk ek tasein hat fan 2019 ôf fiif jier lang fjouwer miljoen euro beskikber te stellen, kin Lifelines troch mei de tredde faze. Lifelines folget de sûnens fan trije generaasjes yn de noardlike provinsjes.
Steatssekretaris Paul Blokhuis fan VWS seit dat hiel Nederlân baat ha kin fan de kunde dy't Lifelines opdocht op it mêd fan sûnens, previnsje en it ferbetterjen fan de libbensstyl.

167.000 minsken

Lifelines begûn yn 2006 en sammele de ôfrûne jierren fan hast 167.000 minsken út it Noarden ynformaasje oer de sûnens. Dizze ynformaasje wurdt troch wittenskippers brûkt foar ûndersyk en it foarkommen en betiid sinjalearjen fan sykten.
Onno Falkena yn petear mei direkteur Saakje Mulder fan Lifelines
Peter de Jong hat syn libben oan Lifelines te tankjen