Kollum: "Noflik"

"'It is so convenient,' sei de kennis fan my út New York. We sieten op in terras, en hy en syn freon wiene yn Nederlân fanwegen in konferense. Wat hy sa noflik neamde wie Uber, it Amerikaanske taksybedriuw sûnder taksys. 'You just open your app and six minutes later, there's your car, that will take you through a town you don't know. And they won't rip you off.'
Botte Jellema © Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Weinich tsjin yn te bringen. Des te ferwûndere wiene se oer it feit dat harren fertroude Uber ferbean is yn Berlyn. Hoe koe Dútslân no sa achter rinne, en progresje tsjinhâlde. Se foeteren ek al op Amsterdam, want de AirBNB wêr't se sieten, moasten se út nei in pear dagen. It Amerikaanske hotelbedriuw sûnder hotels mei hjir yn Amsterdam huzen net mear as 60 nachten per jier ferhiere. Fûnen se ek stom.
Ik begie in petear oer dat Berlyn in eigensinnige kar makket, dy't ik op syn minst nijsgjirrich fyn. Ik snap dat it noflik is om op in app dy'tst thús ek sa faak brûkst in taksy op te roppen. Mar sjoch even wat dêr tsjinoer stjit. Yn it ôfrûne heal jier wiene de folgjende trije saken yn it nijs oer Uber: in datalek fan de gegevens fan 57 miljoen klanten; nijs dat manlike Ubersjauffeurs mear fertsjinje as froulike en in ferkrêfting en sels in moardoanslach fan Ubersjauffeurs op klanten. Hjir yn Amsterdam rommelet it ek. Echte taksysjauffeurs binne boas op 'e gemeente, om't sy djoere fergunningen ha moatte en foldwaan moatte oan strange miljeu-easken, wylst de Ubersjauffeurs harren gong mar gean kinne. Dus: hoesa, won't rip you off?
'Platformeconomie', sa hjit it, tsjinsten oanbiede fia in grut digitaal wrâldwiid platfoarm. En, sa't myn Amerikaanske kennissen seine, it is hiel 'convenient'. Ik begryp dat wol. Mar dat kloppet net hielendal by wat se earder seine.
Want se hiene krekt in skoft yn Lissabon sitten, ek foar wurk. Mar dat hie harren minder foldien. Portugals ekonomy hat in minne tiid hân, en krekt yn die perioade kaam AirBNB op. En as ien fan de goedkeapste plakken fan Súd-Europa, wie Lissabon fuort en daliks yn trek. Dat wie in moaie nij boarne fan ynkomsten foar Lissabon, dus sawat de hiele binnenstêd is no fer-AirBNB'd.
De mannen fûnen dat mar neat: se koene soms amper harren hûs út komme, sa drok wie it yn de lytse strjitsjes. En boppedat: der wie neat echt orizjineel Portugees mear te sjen.

Ik sei: ja, en dan snap ik de kar fan Berlyn dus wol wer. Dy stêd kiest der foar om in stêd foar harren ynwenners te wêzen, en net foar toeristen. In kar dy't foar Amerikanen net te begripen is: yn harren stêd wurd elke fjouwerkante meter maksimaal benut foar de measte winst. Berlyn en Amsterdam binne sa net, of noch net, en troch de beheiningen op platfoarmen as Uber en AirBNB wolle we foarkomme dat we Lissabon wurde. Sa hiene se it noch net besjoen.
Wie toerisme eartiids noch aventoer, en mear geskikt foar minsken dy't fan aventoer hâlde, no ha we in toeristyske sektor dy't driuwt op de ferskate platfoarms. Dy meitsje it sa noflik om je oer de hiele wrâld te bewegen, dat mear en mear minsken it dan mar dogge: die reis nei dat ûnbekende oard. It klinkt fan âlds noch aventoerlik, mar dat is it fansels al lang net mar. Goedkeap fleane docht de rest: en sjoch hjir de kearn fan de eksploazje oan toerisme yn stêden as Lissabon, Berlyn en Amsterdam.
En ik tink oan de 'vakantieman' Frits Bom, dy't op tv fiifentweintich jier lyn toeristen frege om op in bline wrâldkaart oan te wizen wêr't se wiene. Doe wie it noch hilarysk om te sjen dat se hast nei in kompleet oar kontinint wiisden, mar yntusken begryp ik it folslein. Oeral Uber, oeral AirBNB. En wannear't de lokalen harren fersette tsjin dizze dúdlike wrâldprogresje, dan binne se efterlik.

It is in komplekse gedachte: wat is progresje, wat konservatyf. De wrâldreizger hat in air fan progresje, mar wat is progresje at de reis allinnich oantreklik is troch de noflike konservative ynrjochting der fan.
En de Amerikaanske gasten? Oh, se hiene it sa nei harren sin yn De Pijp. Sa lekker autentyk en net de drokte fan de binnenstêd, sûnder al dy toeristen."