Brânwacht rydt út foar brân yn loads yn Easterwâlde

05 jul 2018 - 06:13

De brânwacht is tongersdeitemoarn útriden nei Easterwâlde foar in brân yn in loads dêr't ûnder oare hea yn opslein wie. By de loads steane ek bûthuzen, mar de brânwacht koe foarkomme dat it fee wat oerkaam.

Brân yn loads Easterwâlde - Foto: Srfotografie

Yn ferbân mei de ûntromming fan fee en de winning fan wetter waard noch opskaald nei 'grutte brân'. Doe't it fee gjin gefaar mear rûn, waard it wer in middelbrân. Om it fjoer goed bestride te kinnen, waard it hea mei in kraan út de loads helle. Even letter waard it sein 'brand meester' jûn.

Trefwurden: 
brân Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)