Natuerorganisaasjes fine Wrâlderfgoedsintrum "wol hiel heech"

05 jul 2018 - 06:11

Acht natuerorganisaasjes dy't belutsen binne by it Waad - werûnder de Waadferiening - meitsje beswier tsjin it bestimmingsplan fan it Wrâlderfgoedsintrum yn Lauwerseach. Sy binne net tsjin de komst fan it sintrum, mar wol tsjin de maksimale hichte fan 30 meter dy't yn it bestimmingsplan stiet.

Foto: Dorte Mandrup

Arjen Kok fan Natuurmonumenten

De spuislûzen binne 20 meter en in blikfanger. It ûntwerp fan it sintrum is 28 meter en dat soe net yn de omjouwing passe. De natoerorganisaasjes binne wol yn petear mei de inisjatyfnimmers, mar foar it gefal der gjin oerienstimming berikt wurdt, is dit de iennige juridyske mooglikheid om wat tsjin de hichte te dwaan.

"Wol hiel heech"

"We binne hartstikke bliid mei dit sintrum", seit Arjen Kok fan Natuurmonumenten, "mar it kin neffens it bestimmingsplan in hichte krije fan 30 meter en dat is yn dit gebiet wol hiel heech."

Kok fynt sa'n heech gebou yn Lauwerseach net passen. "De kearnwearden fan it Waadgebiet binne foaral stilte, romte en tsjusternis. Dy binne yn dit part fan it Waad noch oanwêzich en dan soe it eins net goed wêze dat yn dit gebiet sa'n heech gebou komt."

(advertinsje)
(advertinsje)