Bobby Zwaagman ljept yn Grypstsjerk nei earste topklasse-winst

04 jul 2018 - 21:47

Bobby Zwaagman hat yn Grypstsjerk syn earste oerwinning yn de topklasse fan it fierljeppen pakt. De ljepper út Drylts kaam mei syn 19,44 meter krekt wat fierder as Hannes Scherjon, dy't 19,26 notearje liet. Bauke de Jong út Parregea waard tredde mei 18,66. By de froulju gie de oerwinning nei Anneke Broersma.

Zwaagman, dy't ferline jier noch by de junioaren ljepte, sette syn bêste ôfstân del mei syn tredde sprong. Yn de finale ferbettere Scherjon syn eigen bêste sprong fan 19,13 nei 19,26, mar dat wie dus net genôch om Zwaagman fan de oerwinning ôf te hâlden.

Foto: www.orange-pictures.nl

Bobby Zwaagman

Froulju

Anneke Broersma hold by de froulju Boukje de Boer en Anna Kramer efter har. Broersma ljepte mei har earste sprong nei 14,01 en dat waard net mear ferbettere. De Boer kaam yn de finale ta 13,62 en de bêste sprong fan Kramer wie 12,47.

Junioaren

By de junioaren ljepte Freark Kramer it fierst en dat die er mei syn earste sprong: 18,01. Jesper Demmer kaam mei syn earste sprong ta 17,64 en dat smiet in twadde plak op. Wietse Nauta waard mei 17,63 tredde.

Jonges en famkes

Rutger Haanstra pakte de oerwinning by de jonges mei 15,57. Stefan Douma waard twadde mei 14,77 en Renzo Zwaagman einige mei 14,35 op it tredde plak.

By de famkes gie der oerwinning nei Henrieke Wijnstra. Sy ljepte nei 13,16 meter. Liselotte Veenstra ljepte mei 13,11 nei it twadde plak en Femke Rispens einige as tredde mei 13,09.

Twakamp

It nivo lei yn Grypstsjerk net heech. Kwa ôfstannen wie it in matige wedstriid. In swakke generale dus foar de twakamp mei de Hollânske ljeppers fan takom wykein yn Linschoten.

(advertinsje)