ChristenUnie hat fragen oer asbestopslach by It Fean

04 jul 2018 - 21:19

De steatefraksje fan ChristenUnie makket him soargen oer de opslach fan asbest op Ecopark De Wierde fan Omrin by It Hearrenfean. It foel de partij op dat de asbest dêr iepen en bleat leit. No wol ChristenUnie fan de provinsje witte wat dien wurdt om foar te kommen dat de omjouwing yn oanrekking komt mei stofdieltsjes.

Foto: ChristenUnie

Op it Ecopark De Wierde wurdt jierliks sa'n 15.000 ton oanlevere. Dat stoart wurdt - wannear't it fol sit - fan boppe ôf tichtmakke. It probleem is allinnich, wannear't de bulte noch net fol is, dat dan de asbestdieltsjes troch de loft yn de omjouwing komme kinne.

Dêrom wol de ChristenUnie dat de provinsje ynset op oare wizen om asbest te stoarten. Ek wol de partij witte hoe't it tafersjoch op it stoart op It Hearrenfean regele is.

(advertinsje)
(advertinsje)