StreetArt-artysten yn Harns moatte keunst tichter by de minsken bringe

04 jul 2018 - 20:55

Keunstner Matthew May út Amsterdam hat woansdei de earste farvestreken op de dyk set yn de Foarstrjitte yn Harns. Offisjeel wie er doe al in hiele dei dwaande mei it keunstwurk. Om tsien oere waard it offisjele startsein jûn foar de start fan it earste StreetArt Festival fan Harns. Trije keunstners sille de kommende dagen yn de havenstêd oan de slach mei trijediminsjonale keunstwurken mei in maritym tema.

It streetart keunstwurk op dei 1 - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mar dat freget wol in soad tarieding. May wie woansdei eins de hiele dei dwaande mei it meitsjen fan in roaster op strjitte mei tape. Dat roaster moat him helpe om syn skilderij yn de goeie ôfmjittings te meitsjen om ek echt it trijediminsjonale effekt te krijen. Dat wol sizze dat as je der fan in bepaalde kant nei sjogge, dat it dan krekt liket oft der echt djipte yn it keunstwurk sit.

Harkje nei May oer syn keunstwurk

"Ik heb de afgelopen dagen hier rondgelopen om een beetje een gevoel te krijgen bij de stad en heb mijn plan nog flink aangepast. Ik wilde eerst een zeemeermin in bad maken, maar liep toevallig langs de bouw van de Willem Barentsz."

De bou fan de replika fan it 18de-iuwske skip makke in soad yndruk op May. Benammen ek doe't er it ferhaal derachter hearde. "Die stoere mannen met hun machtige tocht. Ik wil daar een eerbetoon aan maken."

May leit út oan omstanners wat er oan it meitsjen is - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neist Matthew May sille letter dizze wike ek Eduardo Relero út Argentinië en Tony Cuboliquido út Italië oan de slach op strjitte yn Harns. Ek is der earder al in grutte muorreskildering makke oan de Willemshaven. Neffens de inisjatyfnimmers fan it festival moat de StreetArt keunst tichter by de minsken bringe. Sa kinne minsken mei de keunstwurken op de foto en kinne se troch de trijediminsjonale effekten echt ûnderdiel wurde fan de keunst.

It festival duorret oant en mei 13 july. Dan moatte alle keunstwurken klear wêze.

(advertinsje)