Noed oer wenningbou yn lytse doarpen Eaststellingwerf

04 jul 2018 - 18:30

De riedsfraksje fan OoststellingwerfsBelang hat noed oer it bouwen fan wenningen yn de lytsere doarpen yn de gemeente. By de kritearia dy't foarsteld binne foar de ferdieling fan wenningen steane de gruttere kearnen - Appelskea, Haulerwyk en Easterwâlde - foarop.

Foto: Lourens Looijenga

OoststellingwerfsBelang freget no oft it net mooglik is om yn alle doarpen neffens it ferlet fan wenten te bouwen. Yn de wenfyzje fan it fêststelde belied stiet dat 70% fan de wenten yn de grutte kearnen boud wurde moat.

PvdA-wethâlder Fimke Hijlkema sei dat dy wenfyzje de basis fan it belied bliuwt, mar dat der ek noch boud wurde sil yn lytse doarpen. De ynteresse foar wenningen yn Elslo groeit bygelyks.

(advertinsje)
(advertinsje)