'Conference of the birds' oer de oerienkomsten tusken fûgels en Fryske orkesten

04 jul 2018 - 18:00

It lûd fan fûgels en Hafabra orkesten ferdwynt. Mar moatte wy dat slim fine? Dy fraach stiet sintraal yn de foarstelling Conference of the birds fan komponist en lûdskeunstner Sytze Pruiksma. "It docht my sear. Der binne minder fûgels en orkesten. En dy meitsje just it lûd dêr't ik sa tige gelokkich fan wurd." Dêrom tocht ik: "Hjir moat ik wat mei dwaan." De foarstelling giet op sneon 7 july yn premjêre, mar yn Fryslân Hjoed alfêst in foarpriuwke.

Dat idee hat der úteinlik foar soarge dat de Griene Stjer seis kear it toaniel wurdt fan sa'n 300 muzikanten, tweintich dûnsers, trije akteurs en trompetspiler Eric Vloeimans. De foarstelling Conference of the birds is dêrmei ien fan de grutste LF2018-projekten. Mar it is ek it slotstik fan de Kening fan de Greide. In projekt foar de takomst fan it lânskip dêr't Pruiksma al njoggen jier mei dwaande is. "Ik sjoch al tiden út nei dizze foarstelling. Hjiryn komme myn beide passys tegearre: natoer en muzyk."

Perzysk gedicht

"Ik ha in Perzysk gedicht Conference of the birds, út it jier 1200 brûkt as ynspiraasje", fertelt Pruiksma. "Ik kaam it tsjin en it wie krekt it ferhaal dat ik fertelle woe." It ferhaal fan de foarstelling giet oer in groep fûgels dy't op syk giet nei in lieder. Nei in aventoerlike reis komme se der efter dat sy kening binne fan it eigen libben.

De foarstelling leit de link tusken de ôfnimmende biodiversiteit en de wearde fan de HaFaBra kultuer. Dêrom giet in gedielte fan de opbringst ek nei de dielnimmende korpsen.

Foto: Omrop Fryslân

Krêft fan it kollektyf

Pruiksma set him no al meardere jierren yn foar de takomst foar de Fryske korpsen en dat wurket. In foarbyld dêrfan is ien fan syn projekten Birds & Brass. "Ik kaam der efter dat korpsen ûnderling hast gjin kontakt hawwe, mar se kampe wol mei deselde problemen. Troch dy korpsen gearwurkje te litten by Brids & Brass binne se as mienskip sterker wurden", seit Pruiksma.

As foarbyld nimt er de gearwurking yn gemeente Opsterlân. Ferskate korpsen binne byinoar kaam, skoallen binne der by belutsen en sa hat it úteinlik 110 nije leden opsmiten. "It is krekt sa as in kloft mei fûgels. As se mei-inoar fleane dan kinne rôffûgels harren net pakke. Dat sjochst ek werom yn de foarstelling." Pruiksma fertelt ek dat er dêrom eins syn doel al behelle hat: "Minsken byinoar bringe en ynspirearje, dêr gean ik foar. En dat is wat my oanbelanget al slagge."

Foto: Omrop Fryslân

Kening fan 'e Greide

Yn 2012 ûntstie it boargerinisjatyf Kening fan 'e Greide. It is in beweging fan ûngerêste boargers, boeren, musisy, keunstners, dosinten, wittenskippers en natoerbeskermers. Se stean foar in takomst wêryn't in sûn boerebedriuw hân yn hân giet mei natoer, biodiversiteit en minsken. In pear foarbylden fan sokke projekten binne: Ontwakend Landschap, Grutte Amalia en de foarstelling Koning van het Grasland.

(advertinsje)
(advertinsje)