Malteeske minister fan kultuer no dochs nei Ljouwert

De Malteeske minister fan kultuer Owen Bonnici komt no dochs nei Ljouwert om te praten oer de argewaasje tusken beide kulturele haadstêden, Valletta en Ljouwert-Fryslân. Dat hat de provinsje woansdeitemiddei bekend makke.
© ANP
Sietske Poepjes oer de komst fan de Malteeske minister
Al yn april hat de provinsje kontakt lein mei Malta, nei oanlieding fan it ferbrekken fan de kontakten troch de stichting LF2018. Reden foar dat beslút wiene opmerkingen fan de foarsitter fan it Kulturele Haadstêd-komitee op Malta oer de moard op in sjoernaliste op it eilân. De minister fan kultuer hie al oanbean om te kommen, mar ein juny slagge it net mear om kontakt te krijen. Sms-berjochten fan deputearre Poepjes krigen gjin antwurd.
De Twadde Keamerfraksje fan it CDA stelde dêrnei keamerfragen oer de affêre.