Grut tal diken en kaden yn Súdwest-Fryslân oanpakt

04 jul 2018 - 16:57

Alve kilometer oan te lege en te swakke binnendiken oan de súdkant fan Snits is wer feilich. Dat seit Wetterskip Fryslân.

Foto: Omrop Fryslan

It Wetterskip hat in grut tal maatregels naam om de diken te ferbreedzjen en te ferheegjen. Op in tal plakken binne de diken ek ferlein. Sa ûntstiet der mear romte foar it wetter, by swiere buien. Fierder moat ek de natuer profitearje fan de maatregels, omdat der no mear ûndjippe plakken binne, dêr't wetterplanten groeie kinne en fisken libje kinne.

Trefwurden: 
Wetterskip Fryslân
(advertinsje)