Boargemaster en wethâlders Dantumadiel drage tenei spjelde

04 jul 2018 - 16:28

De boargemaster, de wethâlders, de gemeentesiktaris en de griffier fan Dantumadiel dogge tenei in spesjale gemeentespjelde op by offisjele gearkomsten. It ûntwerp foar de spjelde is woansdei presintearre troch edelsmid Dyonda Spiegelaar út Driezum oan boargemaster Klaas Agricola.

Symbolyk

Yn it ûntwerp wurdt ferwiisd nei de histoarje en it gemeentewapen fan Dantumadiel. De spjelde wurdt makke fan sulver, dat is in ferwizing nei it spegeljende wetter yn de gemeente. De efterkant fan de spjelde krijt in grouwe struktuer, as ferwizing nei de heger lizzende sângrûnen yn Dantumadiel.

(advertinsje)