Anjenplein skjin fan asbest, balkons noch net

04 jul 2018 - 15:26

Op de balkons fan de tolfheechflat oan it Anjenplein yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert is yndie asbest fûn. Dat docht bliken út ûndersyk dat woansdei útfierd is.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

Tiisdei wie der brân op de tolfde ferdjipping. Dy brân wie nei in oere ûnder kontrôle, mar der kaam wol asbest frij. Woansdeitemoarn is earst it plein foar de flat ûndersocht en dêrnei skjinmakke.

De bewenners fan de flat meie no wer gebrûk meitsje fan de gewoane yngong. Dêr koene se tiisdeitejûn en woansdeitemoarn net del, omdat der asbest foar de doar lei. Allinnich fia in needútgong koene de bewenners de flat út komme.

It skjinmakwurk rjochtet him no fierder op de balkons. Bewenners hawwe it advys krigen net op harren balkons te kommen. De ferwachting is dat de skjinmakkers ek tongersdei noch nedich hawwe om asbest fan de balkons te krijen.

Trefwurden: 
brân asbest Anjenplein
(advertinsje)