Earste peal fan 45 enerzjysunige wenningen by De Pein slein

It plan om 45 enerzjysunige wenningen oan de râne fan De Pein te bouwen is no dochs úteinset. De earste peal is woansdeitemoarn slein foar it hûs fan it pear Cor en Marianne van Staveren. Yn 2013 is it plan De Peinder Mieden presintearre. Dêrnei hat it troch in ferskaat oan tûkelteammen lang duorre foardat it wurk úteinsette koe.
Bou Peinder Mieden set útein
Foardat der begûn wurde koe, moasten der earst genôch minsken op 'e list stean. Mar dat wie noch net sa ienfâldich, omdat in soad minsken mear wissigens woenen fan ûnder oare de gemeente. Alles wie sa op elkoar oan it wachtsjen. It is ek in ûngewoan plan, want der wurdt in hiel soad dien om de wenningen yn it lânskip yn te passen. Alle kavels binne ûndertusken fersein.